In de pers

Reactie van een een enthousiaste toehoorder, via Facebook, tijdens ons concert in Bolsward op 25 september 2016:

Jos van der Zwan heeft een bericht op je Tijdlijn gedeeld.
Vanmiddag heb ik een verrukkelijk concert bijgewoond: strijkkwartet Regina Forte. Het bestaat uit oud-leden van het Frysk Jeugd Orkest. Ze begonnen met 
hun 'herkenningsmelodie': Handels Arrival of the queen of Sheba. Dit stond als een huis en zo gaven zij hun visitekaartje af. Bijzonder was dat er twee stukken van Friese componisten op de lessenaar stonden: van Sipke Hoekstra (String Quartet nr. 2) en van Paulus Folkertsma. Van deze laatste werd het In Memoriam schitterend uitgevoerd: mooi uitgevibreerd, prachtige fasering, ronde klankkleur. Na de pauze passeerden Mendelssohn (String Quartet op. 12 met een fraai Adagio non troppo), Tsjaikovski's Andante Cantabile (wat een gaaf stuk is dit toch; goed tempo met beheerste voordracht) en Piazzolla (speelse Libertango).
Dit strijkkwartet heeft alles in huis om tot de top van Nederland te gaan behoren: speeltechniek en muzikaliteit zijn volop aanwezig. Nu is het hopen dat ze lang bij elkaar blijven om tot een eenheid te komen, want dat ontbrak nog wel eens. Kortom: een kwartet met potentie!!! Nog even de namen: Andrea Meijer, Inge van der Hoeven, Anna Molleman en Ina Andela. Beroepsmusici? Neen, alle vier werkzaam in het onderwijs!



Van de site "Gerben Rypma Stichting" :
18 juni 2016:
Midsimmerjoun by ‘it Klokhûs’, in ympresje 
Simmerske klanken fan it Regina Forte kwartet dounsje, nouris derten om inoar hinne, marsjearje dan wer strak yn it gelid, troch de romte dy ’t ornaris ornearre is foar de gasten fan de camping ‘it Klokhûs’ by de pleats fan de famylje Reijenga fan Idzegea, mar dy ’t nou (18 juny) foar it – tradysjonele - midsimmerjounenocht 2016 fan de Gerben Rypma Stifting ôfhierd is.
Skrousk, ûnlijich waer. Dy tsjokke, suver al tsjustere loften en stevige buoijen, de iene jaget de oare, en de hurde wyn meitsje dat in inkeling – faeks net alhiel op dit waer klaeid - rydboskjend troch de iepensteande doar komt. Mar nei in bakje kofje of thé saksearret dat moai gau en as de fjouwer skildereftige froulju fan it kwartet, ‘dressed in red’, sa ’t presentator Ernst Bruinsma harren oantsjutte, de earste noaten fan Mozart op de folle seal – in ploech moaije minsken, sei foarsitter Sicco Rypma fan de GR-Stifting – loslitte, hawwe wy inkeld noch ear en each, yn dy folchoarder tink ik, foar de firtuoaze ‘kaprioalen’ fan dit tûk musisearjende ensemble.
It âlde klokhûs en it (tsjerk)hôf by de Idzegeaster poel roppe hast fansels in ‘Memento mori’ gefoel op. Dat noeget tagelyk ta kontimplaesje en de soms spynreachfine klanken dy ’t dy fjouwer kreaze froulju út harren instruminten tsjoene en oer de hollen fan it auditoarium struije dogge der harres ek ta. Se liede de harker, alteast dat oerkaem my, yn de tiid tobek. De djippe, waerme klank fan de cello biliket it lûd fan speten farske molke dy ’t yn in ritmyske kadans hieltiid tsjokkere skomkragen yn de amers tsjoenden, mar dat wie doe…
It fjouwerspan músisi, dat gjin koetsier op de bok hat, mar sa likernôch à la Flêche riden like to wurden, kidelet de strykstokken, lit dy dounsje, wynderje, twirje, fjouwerje oer de snaren en fiert ús yn en troch de musikale greiden en mied- en boulannen, dy ’t Mozart, Mendelsohn Bartholdy, ús eigen Paulus Folkertsma en de Argentijn Astor Piazolla – de kening fan de tangokomposysjes - oan de wrâld neilitten hawwe. Fierhinne skaeit it repertoire qua ‘wurklist’ joun út nei de romantyk.
Hiel apart, mar perfoarst gjin frjemde ein yn it bit, is it Strykkwartet Nûmer 2, yn C grut, diel I, II en IV fan ús eigen Fryske komponist Sipke Hoekstra. Om koart syn CV oer it fuotljocht to jaen: Hy is berne yn 1976 yn Ljouwert en studearre nei de earste oanrin fan basis- en fuortsetûnderwiis muzykwittenskippen oan de universiteit Utert. Tsjintwurdich is er marketeer foar ûnderskate topmuzykensembles en artysten. Al sûnt syn jongesjierren skriuwt er muzykstikken. Op dit stuit hat er in protte komposysjes yn opdracht, ûnder mear in passy foar koar, solisten en instrumintale ensembles. De komposysje ‘Saga, soundtrack to the life of a forgotten hero’, smiet him in 2015 in forskaet oan prizen op. En datselde jier krige er in trêdde priis foar syn strykkwartet ‘First Movement’, dat kandidearre wie foar de Malta International Composition Competition. As goede Friezen sizze wy dan: ‘It koe minder.’
Doe ’t de muzikanten útein setten mei niisneamd Strykkwartet giene de lju der ris goed. Men bilibbet net eltse joun sa ’n forfaltsje, dêr ’t boppedat de libbene by de deade kaem; de komponist siet – in bytsje op biskûl - efter yn de seal. Ienriedich en strak yn it tempo kopketommelje de noaten troch de manjifike klankkasten fan de instruminten, glêd as in ikel, nei bûten ta, de seal yn. Dúdlik is dat Hoekstra ynspiraesje opdien hat by Mozart, dit stik is der oan bisibbe. Hy hat wis in protte nocht bilibbe om it ‘Leitmotiv’ dat him, sa ’t ien fan de musisi yn ’t foar fordútste, al in hiel skoft yn ’e holle omtyske, út to wurkjen ta dizze tige oansprekkende komposysje. Fleurich, kleurich, spannend, ritmysk, muzikael, en boeijend oan de ein ta. Faeks spile it kwartet mei in bytsje mear ynmoed noch as by de oare útfierde wurken, hwant sy kinne de komponist fan it Frysk Jeugdorkest, dêr ’t alle kwartetleden – en ek Hoekstra - diel fan útmakke ha; sa wurdt de sirkel roun.

Alles oereidzjend: in noflike joun, mei in heech nivo, sa ’t de GR Stifting dat al in tal jierren hanthavenje kin, murk Ernst Bruinsma (AFUK-direkteur en útjower) treffend op yn syn slotwurd.